Wat is Grip eins?

GRIP is it adaptive evaluaasjesysteem foar Frysk

It evaluaasjesysteem GRIP bestiet út ferskillende evaluaasje-ynstruminten. Skoallen kinne sels kieze hokker ynstrumint sy brûke wolle. De eigen kar kin ôfstimd wurde op ‘e skoalfisy, de ambysjes en de learlingepopulaasje. Mar ek by it Taalprofyl dat de skoalle takend krigen hat.

In kar út metoadebûne en metoade ûnôfhinklike ynstruminten en it portfolio

GRIP befettet twa metoade ûnôfhinklike toetsen: de Frisia-toets (foar grammatika en wurdskat) en de toets Lêsbegryp. Dêrneist is der in breed skala metoade-ûnôfhinklike (sels)observaasje-ynstruminten en in portfolio. Alle ynstruminten binne digitaal beskikber.  Ek binne der metoadebûne toetsen dy’t by de metoaden Spoar 8 en Searje 36 hearre.

Ofstimd op it referinsjeramt Frysk (rrF)

De evaluaasje-ynstruminten binne keppele oan it referinsjeramt Frysk (rrF). It referinsjeramt is de foar it Frysk útwurke ferzje fan it Europees Referentiekader voor Talen (ERK). It beskriuwt doelen foar de taaldomeinen: harkjen, yn petear, praten, lêzen en skriuwen.

 

Ûnderdiel fan Spoar 8 en Searje 36

GRIP is opnommen yn it lesmateriaal Frysk foar it primêr ûnderwiis (Spoar 8) en yn it lesmateriaal Frysk foar it fuortset ûnderwiis (Searje 36). In skoalle dy’t it lesmateriaal oanskaft, krijt dus alle evaluaasje-ynstruminten der altyd by. Troch de keppeling fan lesmateriaal, lesdoelen en de evaluaasje-ynstruminten, ûntstiet in opbringstrjochte learomjouwing dêr’t learkrêften taalleartrajekten yn útstippelje en taalûntwikkeling yn monitoare kinne. Sa krije learkrêften, mar ek learlingen, mear grip op ‘e yndividuele taalûntwikkeling yn in meartalige omjouwing.

Foarbyld: wat betsjut it Taalprofyl foar jim skoalle?

Alle skoallen yn Fryslân krije besite fan in skoalbesiker (ûndersiker fan NHL-Stenden) en in skoalstiper (ien dy’t de skoalle yn ‘e praktyk stypje kin). N.o.f. it petear en de ynfolle fragelist, krijt elke skoalle in taalprofyl tawiisd.

Foarbyld 1: De skoalle hat profyl B krigen. Dit betsjut dat de skoalle op dit stuit omtinken jout oan ‘e domeinen: harkjen, praten en lêzen. Ek it hawwen fan in positive attitude tsjinoer it Frysk en taalskôgjen heart hjirby.  Yn guon profyl B-skoallen wurdt mar in bytsje omtinken jûn oan dizze domeinen. Dit kin ek binnen de skoalle sels ferskille: Yn ‘e iene groep wurdt geregeld wat mei it Frysk dien, wylst yn in oare groep noait Frysk jûn wurdt. De earste stap is dan om mei in oanbod te kommen dêr’t sprake yn is fan in trochgeande line. Om dit oanbod en de ûntwikkeling fan ‘e learlingen te evaluearjen, kinne guon evaluaasje-ynstruminten fan GRIP brûkt wurde, bygelyks de (sels)observaasje-ynstruminten foar de mûnlinge taalûntwikkeling, mar ek de toets lêsbegryp. 

Foarbyld 2: De skoalle hat profyl E krigen. Dit betsjut dat de skoalle op syn minst omtinken jaan moat oan ‘e domeinen: harkjen en it fuortsterkjen fan in positive attitude tsjinoer it Frysk. Ofhinklik fan ‘e situaasje fan it momint kin it sa wêze dat de skoalle him earst rjochtet op it ferbetterjen fan ‘e kwaliteit by profyl E of op it ‘trochgroeien’ nei profyl D. Yn it lêste gefal komt it domein praten der dan by. Yn dizze situaasje is it noch net passend om de Frisia-toets of de toets Lêsbegryp ôf te nimmen. Better is it en meitsje in seleksje út ‘e (sels)observaasje-ynstruminten.