It Taaldoarp Frysk is in part fan GRIP (it evaluaasjesysteem foar de taalûntwikkeling Frysk yn it ûnderwiis) en is rjochte op de toetsing fan de kommunikative mûnlinge taalfeardigens yn autentike (libbensechte) situaasjes.

Foar 2026 binne wy dwaande mei it organisearjen fan it Taaldoarp op meardere plakken yn de provinsje. Hjirfoar hearre wy graach hokker skoallen meidwaan wolle oan it Taaldoarp om geskikte lokaasjes te finen om dit te organisearjen.

Ferline jier hawwe wy it Taaldoarp organisearre yn Bûtenpost en Wommels.

Troch ûndersteande formulier yn te foljen, hearre wy graach oft jim skoalle dit jier dielnimme wol oan in Taaldoarp.