Stap 4: Interpreteren van de resultaten

Toets as ein- én begjinpunt

Toetsen binne bedoeld as helpmiddel. Metoade ûnôfhinklike toetsen jouwe in objektyf byld fan wat in learling kin en wat er noch leare moat. Mei dizze ynformaasje kin in learkrêft it ûnderwiis optimaal ôfstimme op syn groep en op yndividuele learlingen. Toetsresultaten jouwe dus net allinnich in einstân wer, mar ek in begjinpunt.

Trochgeande line

Learkrêften kinne harren foardiel der mei dwaan as sy ynformaasje oer bern en oer it oanbod dat hja hân hawwe, op in goede wize oerdroegen krije. Op dy wize hoege sy net op it tsjil op ‘e nij út te finen en it foarkomt dat lesstof ûnnedich werhelle wurdt.
Binnen de lesmetoaden Spoar 8 en Searje 36 kin in learkrêft weromfine oan hokker doelen fan it rrF de learlingen yn eardere jierren wurke hawwe. De learkrêft kin op basis fan dy gegevens, doelen kieze en oanbod dat hjirop oanslút en learlingen helpe om harren taalfeardichheden te ferbetterjen en fierder út te bouwen.

It is hjirby ek nijsgjirrich en sjoch nei de útkomsten fan ‘e evaluaasje-ynstruminten. Mooglik wurde guon taalûnderdielen noch ûnfoldwaande behearske en soenen dy werhelle wurde moatte.

 

Fan PÛ nei FÛ

De trochgeande line stoppet net oan ‘e ein fan ‘e basisskoalle. Ek it fuortset ûnderwiis hat belang by gegevens út foargeande jierren om passende en oansprekkende learstof oanbiede te kinnen. Learkrêften fan groep 8 kinne, mei help fan de export-funksje yn Spoar 8, in einrapport per learling opstelle en dit digitaal of op papier oerdrage oan ‘e dosint fan it F.Û.  Âlders en learling jouwe hjirfoar earst fansels wol tastimming.

Ut hokker toetsen bestiet Grip?

Grip hat trije metoade-ûnôfhinklike toetsynstruminten: de Frisiatoetsen, de Lêsbegryptoetsen en meardere (sels)observaasje-ynstruminten foar mûnlinge en skriftlike feardichheden.
Alle ynstruminten kinne, binnen de omjouwing fan Spoar 8 en Searje 36, digitaal ynfolle wurde. Foar de Frisia- en de Lêsbegryptoetsen generearret it systeem oersjoggen dêr’t alle resultaten fan ‘e learling yn toand wurde. Ut dizze groepsoersjoggen wei kinne sawol it yndividuele ûnderwiisferlet as ek it ferlet fan ‘e groep ôflêzen wurde.

Hoe’t men de toetsen klearset, en it resultateoersjoch makket en wêr’t men dit weromfynt yn ‘e omjouwing fan Spoar 8 en Searje 36, stiet beskreaun yn in ‘Sprinter’ (hantlieding)

Lêsbegryptoetsen

Dizze toets liket op de toets ‘begrijpend lezen’ yn reguliere learlingfolchsystemen, lykas Cito. De Lêsbegryptoetsen dogge in berop op ‘e wurdskat en it letterlik tekstbegryp (fragen dêr’t it antwurd fan werom te finen is yn ‘e tekst), mar ek op ‘e feardichheden: ferbannen lizze en ynformaasje ôfliede kinne. Dizze feardichheden binne ‘universele feardichheden’. Dat wol sizze: As in learling dit yn ‘e iene taal kin, kin er dat ek yn oare talen, as er alteast foldwaande wurd- en taalkennis hat yn dy taal. Learlingen dy’t dizze toets goed meitsje, hawwe dus foldwaande wurdskat en begripe de Fryske sinsopbou. Dêrby beskikke se oer de feardichheden: ferbannen lizze en ynformaasje ôfliede.

 

Mooglike oarsaken foar tsjinfallende resultaten

As learlingen dizze toets net goed meitsje kinne, binne der ferskillende oarsaken mooglik:

  1. de learling kin it Frysk net goed ferklanke en werkent dêrtroch wurden net;
  2. de learling hat te min wurdskat en taalkennis;
  3. de learling behearsket de lêsfeardichheden ferbannen lizze en ynformaasje ôfliede ûnfoldwaande; N.B. de learling sil yn dit gefal ek by de reguliere toets ‘begrijpend lezen’ útfalle!

Der kin fansels ek sprake wêze fan in kombinaasje fan dizze oarsaken

Mooglike yntervinsjes

Ofhinklik fan ‘e oarsaak kinne der ien of meardere fan ûndersteande yntervinsjes fan tapassing wêze:

  • Ferbetterjen fan ‘e technyske lêsfeardigens Frysk: útlis en oefening fan ‘e typysk Fryske letterkombinaasjes en klanken, bygelyks mei de Lêsline;
  • Utwreidzjen fan ‘e Fryske wurdskat. Tink derom: As de wurdskat yn it Nederlânsk wol foldwaande is, kin der folstien wurde mei it oanbringen fan ‘e Fryske labels. As de wurdskat yn it Nederlânsk ek beheind is, sil der wurke wurde moatte oan it útwreidzjen fan ‘e wurdskatkennis yn it algemien, bygelyks troch de ‘viertakt’-didaktyk en/of yn kombinaasje mei it lêzen fan rike (Fryske) teksten;
  • Modeling en oefening fan ‘e lêsfeardichheden ferbannen lizze en ynformaasje ôfliede. Hjirby hearre ek noch de oanfoljende lêsstrategyën: foarsizze (foarspelle), fragen stelle, gearfetsje en Dizze oefeningen kinne sawol yn it Frysk as yn it Nederlânsk ‘modele’ en oefene wurde. It giet hjir om universele feardichheden: ien kear leard, kinne dy tapast wurde yn meardere talen. Oefening en modeling kin dus sawol mei Nederlânske as Fryske teksten. N.B. tsjintwurdich wurdt net mear advisearre om lessen eksklusyf te rjochtsjen op lêsstategyën, mar dit mear te yntegrearjen binnen de oanpak fan Close reading.
    Foar Close reading kinne ek nijsgjirrige, rike Fryske teksten brûkt wurde.

Frisia-toets

De Frisia-toetsen mjitte de taalkennis fan it Frysk op it mêd fan wurdskat (wurdbetsjuttings én idioom) en de wurd- en sinsbou. Der binne trije toetsen: ien foar groep 4, ien foar groep 5/6 en ien foar groep 7/8. De lêste kin ek yn it FU brûkt wurde yn ‘e klassen 1, 2 en 3 en yn de fjirde klasse fan it TMBU-TL. Yn ‘e hantlieding fan ‘e toets stiet oanjûn, hoe’t de einskoare- omset wurde kin nei in nivo (bygelyks foar yn it rapport).

Ynterpretearjen fan resultaten

Yn ûndersteande tabel steane de ûnderskate taalûnderdielen fan ‘e Frisia-toets oanjûn. Under elk ûnderdiel binne de opjeftenûmers per toets opskreaun. As yn it groepsoersjoch guon saken jin opfalle, bygelyks om’t se troch in grut part fan ‘e learlingen ferkeard makke binne, kin mei help fan ûndersteande tabel útsocht wurde om hokker ûnderdielen it giet. Dizze kinne dan yn ‘e kommende perioade werhelle wurde.

Yn ûndersteand oersjoch is te sjen dat de opstap-Frisia allinnich wurdskat mjit. De basis-Frisia mjit alle taalûnderdielen.

(Sels)Observaasje-ynstruminten

GRIP befettet in mânsk oantal (sels)observaasje-ynstruminten foar it yn kaart bringen fan ‘e mûnlinge en skriftlike feardichheden. Yn it oersjoch hjirûnder is oanjûn hokker ynstrumint foar hokker groep is. Ek stiet koart oanjûn op hokker ûnderdielen it ynstrumint him rjochtet. Dit oersjoch jout  streekrjocht oan hokker mooglikheden en taalsituaasjes der binne om dizze ynstruminten yn te setten.

Universele feardichheden

De mûnlinge en skriftlike feardichheden dy’t mei help fan ‘e ynstruminten beoardiele wurde kinne, binne ‘universele feardichheden’. Dat wol sizze dat se yn elke taal fan tapassing binne, as men dy taal fansels foldwaande behearsket. Bygelyks: Yn it observaasje-ynstrumint mûnling oerlis stiet it item: de learling brûkt arguminten. Ien dy ’t yn it Nederlânsk al leard hat om yn oerlissituaasje arguminten te brûken, sil dat yn in Frysktalige situaasje ek dwaan, as er yn elts gefal taalfeardich genôch is yn it Frysk. Tink der by de analyze fan ‘e resultaten dus om oft de learling gjin arguminten brûkt om ’t hy dizze universele feardichheid net behearsket óf om’t hy de Fryske wurden net fine kin om syn arguminten te formulearjen. De learkrêft kin der dus foar kieze om de universele taalfeardigens te oefenjen yn it Nederlânsk  en tagelyk te wurkjen oan it fergrutsjen fan ‘e Fryske vokabulêre fan ‘e learling. Ek kin de learkrêft der foar kieze om de universele taalfeardigens fuortdaliks yn it Frysk oan te learen. Dit kin troch de learling te foarsjen fan ‘e goede taalstipe. De oanlearde feardigens sil de learling ek brûke kinne yn in Nederlânsktalige situaasje.

Skriftlike feardichheden: tekstopbou, grammatika en stavering

De observaasje-ynstruminten dy’t by skriftlike taalproduksjes hearre, befetsje items op it mêd fan tekstopbou, grammatika en stavering. Begripe hoe’t teksten opboud binne en dit tapasse yn eigen skriuwprodukten is wer ‘universele kennis’ en yn elke taal ta te passen. De observaasje-items dy’t rjochte binne op grammatika en stavering binne oan in taal bûn en rjochtsje har yn it ramt fan GRIP dus spesifyk op it Frysk.
Skriftlike opdrachten kinne hiel goed as oanlieding nommen wurde om guon spesifike grammatika- en staveringsregels ûnder de oandacht te bringen. Bygelyks troch in skriuwprodukt fan ien fan ‘e learlingen mei de hiele groep te bepraten.

Tip: Keppelje skriuwopdrachten oan begripend lêzen en lêsmotivaasje. Bygelyks: earst wurdt der in boek- of filmresinsje lêzen en (yn it Frysk) bepraat (opbou, wurdkar, toansetting, ensfh), dêrnei begjinne learlingen sels mei it skriuwen fan in (Frysktalige)resinsje by in lêzen boek of fan in foarstelling dy’t sy besocht hawwe. Dizze resinsje wurdt ‘beoardiele’ mei help fan it (sels)observaasje-ynstrumint Skriftlike resinsje. N.o.f. de útkomsten kinne beskate tekstskaaimerken, grammatika en stavering bepraat wurde en ferbettere.

Foar technyske fragen oer it opstellen fan in einrapport mei help fan de export-funksje of oer it weromfinen fan gegevens oer it rrF, kin men belje mei de Afûk

Ûnderwiiskundige fragen oangeande it foarmjaan fan ‘e trochgeande line en it ynterpretearjen fan resultaten, kin men stelle oan

Eelke Goodijk 06-12 52 2662 of email: e.goodijk@cedin.nl

Dorien Hamstra 06-13 12 17 50 of mail d.hamstra@cedin.nl