Stap 3: Kiezen van het juiste evaluatie-instrument

Monitoaring kin bydrage oan it kiezen fan in effektyf oanbod. Op basis fan ‘e útkomsten kinne learkrêften ûnderskate karren meitsje as it giet om lesaktiviteiten dy’t oanslute by it nivo en it ferlet fan learlingen en dy’t dêrneist ek bydrage oan it beheljen fan ‘e ambysjes. GRIP befettet in skala oan evaluaasjeynstruminten, dêr’ t learkrêften de ûntwikkeling fan learlingen mei monitoarje kinne. Der binne ek selsobservaasjelisten dêr’t learlingen harren eigen taalûntwikkeling mei evaluearje kinne.

Evaluaasje en toetsing is faak net de hobby fan learkrêften en dosinten. Boppedat is ûnnedich (faak) toetsen sûnde fan ‘e ûnderwiistiid.  Hokker evaluaasje-ynstruminten as jo brûke wolle, moat ek sekuer oerwage wurde en ôfstimd op it oanbod. It hat bygelyks gjin doel en nim in toets Lêsbegryp ôf as learlingen gjin Frysk lêsûnderwiis krije. (Of it moat sa wêze dat jo op dizze wize in begjinsituaasje fêststelle wolle).
Oarsom is it wol nuttich: As learlingen in skoft fanatyk oefene hawwe mei lêsoefeningen yn de Lêsline, dan is it befredigjend om fêststelle te kinnen hoe bot sy harren Fryske lêsfeardigens ûntwikkele hawwe.
Noch in foarbyld: as learlingen mei in soad soarch in Frysktalige presintaasje taret hawwe, dan helpt goede feedback har by it ferbetterjen fan harren mûnlinge Fryske taalfeardichheden, mar ek by de ûntwikkeling fan harren presintaasjetechnyk yn it algemien. It ynsetten fan (sels)observaasje-ynstruminten is dan dus ek hiel weardefol.

De kar foar spesifike evaluaasje-ynstruminten hinget dus gear mei de ambysjes en it lesoanbod fan ‘e skoalle.
Bij stap1 stiet it advys neamd om ambysjes û.o. ôf te stimmen op it Taalprofyl  fan ‘e skoalle. Yn ûndersteand skema is ôf te lêzen hokker evaluaasje-ynstruminten en toetsen passend binne by de ûnderskate profilen.

NB: In skoalle mei in profyl A rjochtet syn lesoanbod op alle domeinen. In skoalle mei profyl E besteget op dit stuit op syn minst omtinken oan it domein harkjen.

Domein:

Luisteren

Spreken

Taalbeschouwing

Lezen

Schrijven

 

 

 

 

 

 

 

Profiel

 

 

 

 

 

 

A

Observaasje (1-8)

Observaasje (1-8)

Frisia (5-8)

Lêsbegryp (5-8)

Lêsbegryp (5-8)

Frisia (5-8)

Observaasje (1-8)

B

Observaasje (1-8)

Observaasje (1-8)

Frisia (5-8)

Lêsbegryp (5-8)

Lêsbegryp (5-8)

 

C

Observaasje (1-8)

Observaasje (1-8)

Frisia (5-8)

Lêsbegryp (5-8)

 

D

Observaasje (1-8)

Observaasje (1-8)

 

E

Observaasje (1-8)

 

F

 

 

G