Stap 2: Tussendoelen en aanbod afstemmen

De keazen ambysjes jouwe hâldfêst by it kiezen fan it ûnderwiisoanbod. As der bygelyks ambysjes (doelen) formulearre binne foar it domein skriuwe, dan kin in skoalle derfoar kieze en biedt it program Meunstertún oan oan ‘e learlingen. Legere profilen hoege (foarearst) noch gjin oanbod te hawwen foar it domein skriuwe

Der binne in soad lesmaterialen beskikber foar it leargebiet Fryske taal en Kultuer.

Spoar 8 en Searje 36

As earste kinne skoallen de metoaden Spoar 8 (PÛ) en Searje 36 (FÛ) brûke. Beide binne digitale metoaden. Beide metoaden hawwe in keppeling makke tusken it lesmateriaal en it rrF. Taalaktiviteiten (groepen 1-2 en 3-4) en Projekten (groepen 5 o/m 8), dy’t troch de learkrêft klearset en útfierd binne, wurde automatysk registrearre yn it Referinsjeramt Frysk (rrF). Sa hawwe learkrêften altiten in aktueel oersjoch fan ‘e taaldoelen dêr’t se harren learlingen oan wurkje litten hawwe. Ek stiet by de beskriuwing fan ‘e lesaktiviteiten oanjûn oan hokker doel dizze les wurket.
Op dizze wize kinne learkrêften maklik in oanbod selektearje dat oanslút by de stelde ambysjes.

Tink derom: Dizze registraasje betsjut net dat de learlingen it byhearrend nivo ek werklik behelle hawwe. By de registraasje giet it om registraasje fan it oanbod. Oft learlingen de feardichheden werklik behearskje, sil monitoard wurde moatte mei ien fan ‘e evaluaasjeynstruminten fan GRIP.
It nut fan ‘e ‘oanbod-registraasje’ is, om by tsjinfallende resultaten tsjekke te kinnen oft de feardichheden wol of net foldwaande oanbean binne en om te besluten oft in bepaald ûnderwerp faker of minder faak oanbean wurde moat.
De metoaden biede learaktiviteiten foar álle domeinen. It brûken fan ‘e metoade sil de learkrêft ôfstimme moatte op de ambysjes en it Taalprofyl, bygelyks troch beskate opjeften te mijen of se net of lichter te beoardieljen, wylst oare opdrachten mear omtinken krije.

 

Addisjonele lesmaterialen

Yn it PÛ brûke net alle skoallen Spoar 8. De reden kin it skoalkonsept wêze, wêrtroch ’t ek foar oare fakken gjin metoaden brûkt wurde. Mar it kin ek wêze dat de skoalle in F-, E- of D-profyl hat, wêrtroch ’t de metoade noch net by de ambysjes past. As jo dizze metoade noch net brûke of brûke wolle, dan binne der ferskillende oare lesmaterialen beskikber. Sjoch de katalogussen fan it PÛ en it FÛ hjirûnder.

Learline Frysk:

Learline Frysk:

In basisskoalle dy’t de metoade net brûkt, kin de learline Frysk brûke om lesoanbod te selektearjen

De learline Frysk befettet tuskendoelen en in oersjoch fan temawurden en grammatika, ferdield oer de learjierren (sjoch haadstik: ‘skoaldoelen’ e.f.). De learline Frysk jout hâldfêst by:

  • it twa- (of mear-)talich oanbieden fan tema’s. Yn ‘e oersjoggen steane wurdpakketten, dy’t yntegrearre wurde kinne by tema’s. Tink oan in tema lykas Maitiid of Groeie, wêrby ’t alle buorkerijbisten en harren jongen oan ‘e oarder komme kinne;
  • it beoardieljen oft dat leuke (foar)lêsboek of dy nijsgjirrige Frysktalige ynformative tekst past by it Fryske taal-nivo fan dyn groep;
  • it ynhâld jaan oan in trochgeande line (dy’t útkomt by de ambysjes);

As alle wurden en grammatika oanbean wurde en der foldien wurdt oan de kritearia: doelrjochte, effektyf ûnderwiis en foldwaande ûnderwiistiid, dan komt dizze learline út by it nivo A2- ûnderweis nei B1. It is oan ‘e learkrêft oft de learaktiviteiten rjochte binne op harkjen (profyl E), harkjen en praten (profyl D), harkjen, praten en lêzen (profyl B) of op alle domeinen (profyl A).

De learkrêft sil sels op syk moatte nei lesmaterialen en sels opdrachten betinke. Tink derom: dizze learline begjint op in leech nivo, ferlykber mei it learen fan Ingelsk. In skoallepopulaasje mei in soad Frysktalige learlingen kin heger yn ‘e learline begjinne.

Wolle jo advys of help by it opstellen fan in ûnderwiisoanbod, dat ôfstimd is op it skoalprofyl en de skoalambysjes, nim dat kontakt op mei:

Eelke Goodijk: 06-12 52 2662 email: e.goodijk@cedin.nl

Dorien Hamstra 06- 13 12 17 50 of d.hamstra@cedin.nl