Stap 1: Ambysjes formulearje

Ambysjes binne motivearjend as se goed ôfstimd binne op it ferlet en de mooglikheden fan ien.
Te lege of te hege ambysjes motivearje net. De ambysjes foar it Frysk kinne ferskille per skoalle en per yndividuele learling.  Skoallen mei in grutte populaasje Frysktalige learlingen geane nei alle gedachten oars om mei it Frysk as skoallen mei mar in pear Frysktalige bern. Foar dissen is it learen fan it Frysk te ferlykjen mei it learen fan in frjemde taal.

Learlingen dy’t thús Frysk prate, sille it nivo A1 al (betiid) yn ‘e ûnderbou fan it basisûnderwiis behearskje, benammen as it giet om doelen binnen de domeinen yn petear, harkje en sprekke. Foar de domeinen skriuwe en lêze binne de measte learlingen, ek de Frysktalige, oanwiisd op ‘e skoalle. Neist it feit dat de thústaal ynfloed hat op de stelde ambysjes, hawwe ek de kognitive kapasiteiten en de motivaasje fan learlingen ynfloed.

Doelen ôfstimme op jo taalprofyl (Taalplan 2030)

Yn it ramt fan Taalplan 2030 hat elke skoalle in taalprofyl tawiisd krigen. De ambysjes fan ‘e skoalle moatte eins safolle mooglik oanslute by dit profyl. Hat jo skoalle bygelyks profyl D (basisûnderwiis) dan moatte der op syn minst ambysjes formulearre wêze oangeande it oanbod foar de domeinen harkje en sprekke. Jo hoege op dit stuit noch net perfoarst in oanbod te hawwe foar lêzen en skriuwen.

It doel fan Taalplan 2030 is dat alle skoallen yn Fryslân yn it jier 2030 in folslein oanbod Frysk hawwe, dus in profyl A. Dit betsjut dat jo yn 2030 ambysjes formulearje moatte foar álle domeinen! Om stapke foar stapke nei profyl A ta te groeien, kinne jo derfoar kieze om, binnen it profyl D, ambysjes te formulearjen foar bygelyks it domein lêzen. Dit is nammentlik it domein dat profyl C ekstra oanbiedt yn feliking mei profyl D.

 

It brûken fan it rrF

Om ambysjes te formulearjen kinne jo it Referinsjeramt Frysk (rrF) hiel goed brûke. De saneamde ‘ik-kin’-bewearings beskriuwe kennis, ynsjoch, en feardichheden oangeande de Fryske taal. De beskriuwings foar de mûnlinge en skriftlike taalbehearsking binne opdield yn fiif nivo’s:
A1 – A2 – B1 – B2 – C1.
It A-nivo represintearret in begjinnende taallearder: De sprekker hat de omjouwing en de peteargenoat nedich om him útsprekke te kinnen en om begrepen te wurden. It taalbrûken bestiet út ‘deistige taal’.
It B-nivo represintearret in mear betûfte taalbrûker: De ûnderwerpen fan petear kinne dan mear saaklik en abstrakt wêze. Ek skoalle – en faktaal falle ûnder it B-nivo.
It C-nivo represintearret it nivo ‘near-native speaker’. De taalbrûker kin dan alle petearsituaasjes oan.

Hoe bepaal je je doelen?

Afhankelijk van de visie op Frysk en de taal-achtergrond van de leerlingen kunnen de eind- en subdoelen per domein verschillen.

Veel Friestalige leerlingen? Dan zijn er verschillende keuzes:

  1. Het verhogen van het ambitie-niveau van A naar B1 of hoger OF
  2. Insteken op de domeinen skriuwe en lêze als aanvulling op de bestaande vaardigheden van de leerlingen. De ambities kunnen dan gesteld worden op bijvoorbeeld A1 of A2 terwijl voor spreken en luisteren de ambitie op B1 of B2 zijn gezet.


Veel Nederlandstalige leerlingen?
Ook nu zijn er verschillende keuzes:

  1. Leg je de nadruk op de functionele domeinen harkje, yn petear & sprekke OF
  2. op de passieve aspecten van de taal: harkje en lêze?

Jo kinne kontakt opnimme mei de adviseurs fan Cedin foar advys en foar stipe by it opstellen fan ambysjes, dy’t passe by jo skoalprofyl, learlingpopulaasje en fisy op Frysk.

Eelke Goodijk: 06-12 52 2662 of mail naar e.goodijk@cedin.nl

Dorien Hamstra: 06-13 12 17 50 of mail naar d.hamstra@cedin.nl