Skriuw!

Skriuw! is in ferhalewedstriid en skriuw-evenemint dat learlingen oanset ta kreatyf skriuwen yn it Frysk.
It doel is om safolle mooglik learlingen fan groep 7 en 8 Frysk skriuwe te litten.

It projekt bestiet út in tal opdrachten dy’t de learlingen yn de klasse dwaan kinne om it kreative skriuwen te stimulearjen. Mei dy opdrachten wurkje de learlingen oan de feardichheden om oan de ein in ferhaal te skriuwen foar de ferhalewedstriid. It bêste ferhaal wint hjirby fansels in priis en wurdt de basis foar de finale tekst it evenemint.

Dogge jim ek mei?

Oanmelde kin ynkoarten.
Nei it oanmelden ûntfange jim in (digitaal) boekje mei alle opdrachten om te oefenjen.