Hoera, it giet wer oan! It is tiid foar it Skoaleksamen Frysk 2023!
In moaie kâns om in yndruk te krijen fan it útstreamnivo Frysk fan jimme learlingen.
It eksamen is beskikber yn twa nivo’s: in A- en in B-nivo.
It A-eksamen bestiet út in harktekst en in Frisiatoets.
De B-ferzje fan it eksamen hat dêrneist ek in lêstekst en in diktee.
Beide eksamens wurde foar jim klearsetten yn de digitale learomjouwing fan it eksamen.
It is oan jim om de kar te meitsjen hokker eksamen as it bêste past by de ferskillende learlingen en by jimme skoalle.
It Skoaleksamen kin ôfnaam wurde yn ‘e perioade fan 29 maaie o/m 12 juny 2023.
Nij dit jier is in pilot foar it ôfnimmen fan mûnling taagebrûk yn in saneamd Taaldoarp. Yn gearwurking mei studinten fan de pabû sil op in oantal lokaasjes yn de provinsje in Taaldoarp ynrjochte wurde wêr’t de skoalle nei ta komme kin foar it ôfnimmen. Mochten jim dit graach dwaan wolle. Set dan in finkje yn it formulier en wy nimme kontakt mei jim op.
Meld jim skoalle oan foar 12 maaie 2023 troch ûndersteand opjefteformulier yn te foljen.
Foarbyldeksamen fan in earder skoaljier om te oefenjen:
Eksamen
Antwurden
Audio95