Skoaleksamen Frysk 2022

Hoera, it giet wer oan! It is tiid foar it Skoaleksamen Frysk 2022!
In moaie kâns om in yndruk te krijen fan it útstreamnivo Frysk fan jimme learlingen.

It eksamen is beskikber yn twa nivo’s: in A- en in B-nivo.
It A-eksamen bestiet út in harktekst en in Frisiatoets.
De B-ferzje fan it eksamen hat dêrneist ek in lêstekst en in diktee.

Beide eksamens wurde foar jim klearsetten yn de digitale learomjouwing fan it eksamen.
It is oan jim om de kar te meitsjen hokker eksamen as it bêste past by de ferskillende learlingen en by jimme skoalle.

It Skoaleksamen kin ôfnaam wurde yn ‘e perioade fan 30 maaie o/m 10 juny 2022.

Meld jim skoalle oan foar 13 maaie 2022 troch ûndersteand opjefteformulier yn te foljen.

 

Foarbyldeksamen fan in earder skoaljier om te oefenjen:

Eksamen 

Antwurden

Audio