REFERENTIEKADER FRYSK
REFERINSJERAMT FRYSK
It evaluaasjesysteem foar it fak Frysk, hat belang by in hânfet dat dúdlikheid jout en in stevige basis is foar it byhâlden fan ‘e foarderingen by it learen fan ‘e taal. De Provinsje Fryslân hat dêrom opdracht jûn om it ‘referinsjeramt Frysk’ (rrF) te ûntwikkeljen, mei helbere doelen foar learlingen yn it basis- en fuortset ûnderwiis.
Yn it rrF steane beskriuwings fan ‘e kwaliteiten fan learlingen op it mêd fan kennis, ynsjoch en feardichheden oangeande it Frysk. Der binne fiif nivo’s: A1, A2, B1, B2 en C1. Dizze nivo’s komme oerien mei de nivo’s út it Europeesk Referinsjeramt foar Moderne Talen, it ERK/CEFR (Common European Framework of Reference for Languages). Nivo A1 is it nivo fan ‘e basisbrûker, nivo B fan ‘e ûnôfhinklike brûker en nivo C is it nivo fan ‘e betûfte taalbrûker.
Yn it rrF steane nivobeskriuwings foar mûnlinge en skriftlike taalbehearsking, nammentlik foar harkjen, praten, lêzen, skriuwen en yn petear.
Beoardieljen helpt it ûnderwiis foarút as it de learlingen motivearret by it learen. It wurdt kontinu dien, ûnder de lessen, wêrby’t de learlingen opbouwende feedback krije en de learkrêft op syn tiid sjen kin hoe fier de learling yntusken is. Yn beide foarmen is it rrF op ‘e eftergrûn it referinsjeramt foar de beoardielings.