portfolio

Yn in portfolio sammelje learlingen wurkstikken dêr’t hja grutsk op binne en dêr’t hja mei sjen litte wolle hokker feardichheden hja ûntwikkele hawwe. Tink oan selsskreaune teksten, de titel fan in Frysk (foar)lêsboek, in ferslachje fan in Frysk projekt, foto’s of in filmke/floch fan in ekskurzje (bygelyks nei it Woudagemaal), de PowerPoint fan in presintaasje dy’t hja dien hawwe, lûdsfragminten fan foardrachten of songen ferskes, ensfh.

 

Learlingen kinne yn it portfolio oanjaan hokker domein en hokker rrF  ’ik kin’-doel fan tapassing is op harren werk.

 

Fisy op brûken fan portfolio

De ynset fan it portfolio kin in team oanpasse oan ‘e eigen skoalfisy op toetsing en monitoaring. It portfolio kin ynset wurde as presintaasjemiddel en as opslach fan wurkstikken, dêr’t learlingen grutsk op binne. Mar it portfolio kin ek hiel goed tsjinst dwaan yn it folgjen en stimulearjen fan ‘e Fryske taalûntwikkeling. Mei help fan ‘e ‘ik kin’-doelen’ yn it rrF kin it wurk fan learlingen beoardiele wurde op nivo. De ‘ik kin’-doelen jouwe ek ynsjoch yn wat de folgjende stap wêze kin.
Learlingen kinne sa makliker eigen ambysjes kieze, neistribje en de behelle resultaten wer opnimme. Troch eardere produkten te ferlykjen mei lettere produkten wurdt de ûntwikkeling sichtber. De learkrêft kin dêrby eventueel ek refleksjepetearen fiere mei learlingen. Dizze petearen helpe learlingen om har bewust te wurden fan harren ûntwikkeling, sadat hja grutsk dêrop wêze kinne.
Learkrêften kinne ek yn dizze petearen learlingen motivearje om in dregere opdracht te besykjen of om in feardichheid binnen in oar domein te ûntwikkeljen, bygelyks Frysk leare lêzen of skriuwen.

By it opstellen fan in fisy en by de ymplemintaasje fan it portfolio kin jim team begelieding oanfreegje by Cedin. Dizze begelieding falt binnen Taalplan 2030 en wurdt subsidiearre.



Hantlieding Portfolio