METOADEBÛNE EVALUAASJE

  1. Krij ynsjoch yn alles wat learlingen dogge.

    Metoadebûne toetsen binne evaluaasjes en ‘toetskes’ basearre op doelen fan it rrF. Der binne metoadebûne toetsen foar it PÛ (yn Spoar 8) en foar it FÛ (yn Searje 36). It giet benammen om formative evaluaasjes dêr’t de learkrêft tuskentiids en op ‘e tiid de opbringsten fan ‘e lessen mei evaluearje kin neffens it ‘opbringstrjochte learen’. De útkomsten jouwe ynformaasje oer it nivo, de fuortgong fan it learen. De útkomsten kinne brûkt wurde om útlis en oanbod oan te passen oan it ferlet fan ‘e learlingen en de groep.

     

    1. Metoade registraasje Spoar8:

    Spoar 8 is in digitale metoade. It systeem registrearret foar de learkrêften hokker opdrachten de learlingen lêstich fine. Op basis van dizze gegevens kin de learkrêft de feardichheden fan ‘e learlingen beoardielje, mar ek in kar meitsje út it oanbod.

2. Metoade registraasje Meunstertún

Yn Meunstertún oefenje de learlingen mei wurdskat en grammatika. Meunstertún is in adaptive game. It systeem registrearret hoe ‘t de opdrachten makke binne. As ien of mear learlingen muoite hawwe mei in ûnderdiel, wurde der suggestjes dien foar remediearring fan grammatika en wurde staveringsregels oanbean.

Resultaten fan ‘e Meunstertún wurde útsplitst yn staverjen, grammatika en wurdskat per tema.
As bliken docht dat learlingen ferlet hawwe fan ekstra help, jout Spoar 8 dy, as learkrêft, suggestjes foar remediearjend materiaal.

 

  1. Evaluaasjestasjons yn ‘e Lêsline

De Lêsline is ûnderdiel fan ‘e metoade. It giet om it technysk lêzen learen fan it Frysk. De learlingen oefenje selsstannich en komme fjouwer tuskentiidske evaluaasjes tsjin. As learlingen dizze ‘toetskes’ goed meitsje, kinne hja fierder nei it folgende nivo yn ‘e Lêsline. Is it nivo noch te dreech, dan kin de learkrêft ekstra lêsynstruksjes jaan of it lêzen sels mear begeliede.

 

4.Selsevaluaasjes by Projekten yn ‘e Lessesearjes

Oan de hân fan ferskillende ‘ik kin’-bewearings sjogge learlingen fia in selsevaluaasje werom op ‘e projekten dy’t se dien hawwe. Sa krije learlingen mear eignerskip by it learen fan ‘e Fryske taal. Selsevaluaasjes kinne dien wurde yn it Frysk of it Nederlânsk.

Foar technyske fragen: nim kontakt op mei de Afuk 


Sprinter Meunstertún


Sprinter Lêsline