Metoade ûnôfhinklike evaluaasje
GRIP befettet trije metoade ûnôfhinklike ynstruminten. Hjirûnder wurdt in koarte beskriuwing jûn fan elk ynstrumint.
Ûnder de ferskillende buttons fine jo in (printbere) pdf fan ‘e ferskillende ynstruminten, mei in wat wiidweidiger beskriuwing, ôfname-ynstruksjes, advys oer it momint fan ôfnimmen, berekkentabellen foar nivobepaling, ensfh.
Observaasje ynstruminten: taal- en skriuwfeardichheden
Der binne meardere observaasje-ynstruminten foar it folgjen fan ‘e mûninge taalûntwikkeling: oerlis, fantasijspul, neifertellen, ynterview, redenearring, diskusje, mûnlinge ynstruksjes, presintaasje en boekbesprekking. Foar de evaluaasje fan ‘e skriftlike ûntwikkeling binne de folgjende ynstruminten beschikber: skriftlike taalûntwikkeling by beukers, ferslach, brief, resinsje en skriftlike ynstruksje.
Bij elk ynstrumint is oanjûn foar hokker groep of klasse it ynstrumint gaadlik is of by watfoar rrF-nivo it oanslút. Sa kinne jo maklik besjen oft it ynstrumint by jo groep en jo skoalleambysje past.
Selsobservaasje-ynstruminten
De measte fan ‘e observaasje-ynstruminten binne omset nei selsobservaasje-ynstruminten. Oan ‘e hân fan ‘ik kin’-bewearings sjogge learlingen sels werom op harren skriftlike of mûnlinge taalprodukt. Sa krije learlingen mear eignerskip oer it learen fan ‘e Fryske taal. Selsevaluaasjes kinne dien wurde yn it Frysk of yn it Nederlânsk. De (sels)observaasje-ynstruminten fine jo binnen Spoar 8 of Searje 36 ûnder Grip.
Toets Lêsbegryp
Foar skoallen dy’t in yngreven oanbod hawwe op it mêd fan Frysk lêzen, is der de toets Lêsbegryp. Dit is in digitaal ynstrumint foar de groepen 5 fan it pû o/m klasse 3 fan it fû. It ynstrumint kin klassikaal brûkt wurde, mar jout ek mooglikheden om te oefenjen en te differinsjearjen (fan A2 o/m B1 nivo).
De toets Lêsbegryp jout ynsjoch yn ‘e lêsbegrypsfeardigens Frysk fan ‘e learling, keppele oan it referinsjeramt Frysk (rrF). De resultaten fan ‘e toetsen jouwe ynsjoch yn hokker learlingen ferlet hawwe fan ekstra begelieding of oefenmateriaal om it lêzen fan Fryske teksten better te behearskjen.
De toetsen Lêsbegryp fine jo yn Spoar 8 of Searje 36 ûnder it kopke Grip.
As jo net in metoade brûke, kinne jo (yn ‘e takomst) oan dizze toetsen komme fia de webside grip.edufrysk.nl. Dêr hawwe jo dan wol in abonnemint foar nedich.
Frisiatoets: wurdskat en grammatika
De Frisiatoets is in digitaal ynstrumint dat de taalkennis fan it Frysk mjit op it mêd fan idioom, syntaks, morfology en semantyk. It kin brûkt wurde as ynstaptoets (oan it begjin fan it skoaljier) en as folchynstrumint (oan ‘e ein fan it skoaljier). De nulmjitting oan it begjin fan it skoaljier jout in rrF-nivo oan (A1 o/m C2). Dit kin de learkrêft helpe om it program op ‘e learling ôf te stimmen mei oefeningen dy’t oanslute op it eigen nivo. De einmjitting jout oan oft de learling progresje makke hat, yn ferliking mei de nulmjitting. De útkomsten kinne brûkt wurde om de learlingen te pleatsen yn ynstruksjenivo’s.
De Frisia-toetsen fine jo yn Spoar 8 of Searje 36 ûnder it kopke Grip.
FOARBYLD:
Jo skoalle hat de ambysjes formulearre dy’t passe by it domein sprekke en jo aktivearje learlingen ta taalproduksje troch se in Frysk foarlêsferhaal neifertelle te litten. Mei it observaasje-ynstrumint kinne jo de kwaliteit fan ‘e neifertelling bepale. Jo kinne adaptyf mei it ynstrumint omgean: fan bern dy’t Frysktalich binne ferwachtsje jo nei alle gedachten mear as fan Nederlânsktalige bern.