GRIP OP WURDSKAT EN GRAMMATIKA (FRISIA)

Foar skoallen dy’t in deechlik Frysk oanbod hawwe op it mêd fan skriuwen is d’r de Frisiatoets.

DeFrisiatoets is in digitaal ôf te nimmen toets dy’t de taalkennis fan it Frysk op it mêd fan idioom, syntaksis, morfology en semantyk mjit. De toets kin brûkt wurde as ynstaptoets (oan it begjin fan it skoallejier) en as folchynstrumint (oan it ein fan it skoallejier). De 0-mjitting oan it begjin fan it skoallejier jout it rrF-no oan (A1 oant en mei C2). Dit kin de learkrêft helpe om it programma op de learling ôf te stimmen mei oefeningen dy’t op it eigen nivo oanslúte en om learlingen yn homogene as just heterogene groepkes te setten. De einmjitting jout oan at in learling progressie makke hat yn fergelyk mei de 0-mjitting.

D’r binne 5 ferskillende Frisia-toetsen te witten:

  • De Opstap Frisiatoets: basisûnderwiis groep (3) en 4. Testferzje klear midden 2020.
  • De Foar Frisiatoets: basisûnderwiis groep 5 en 6. Fuortset ûnderwiis: basisfoarming vmbo-gt, havo en vwo en boppebou vmbo-gt. Beskikber yn Spoar 8 en Searje 36.
  • De Basis Frisiatoets: basisûnderwiis groep 7 en 8. Beskikber yn Spoar 8 en Searje 36.
  • De Midden Frisiatoets: fuortset ûnderwiis: twadde fase (havo en vwo). Beskikber yn Searje 36.
  • Adaptive Frisiatoets: foar alle skoaltypes en nivo’s. Testferzje klear ein 2019.

Alle toetsen betean út in grút oantal items (24-60) en elk item hat fjouwer antwurdmooglikheden. Omdat de ferskillende farianten ferskillende lengtes hawwe, ha se dêrom fansels ek ferskate ôfnametiden. De Basis Frisiatoets is de langste mei 60 fragen en it meitsjen fan dizze toets kosten tusken de 15 en 30 minuten. De oare toetsen duorrje ungefear de helte fan ‘e tiid.

De toets kin klassikaal makke wurde en wurdt automatysk neisjoen. De learkrêft en de learlingen kinne drekst hun toetsskore sjen.

Wolle jo mear ynformaasje oer dizze toetsen? Nim dan kontakt op mei reitze.jonkman@nhl.nl