Wat is GRIP?

Taalûnderwiis yn Fryslân is yn prinsipe altiten meartalich ûnderwiis.

Frysk en Ingelsk binne ferplichte ûnderdielen binnen it reguliere taalûnderwiis yn Fryslân en alle p.û.- en f.û.-skoallen moatte hjirre fisy en belied ûntwikkelje op it mêd fan yntegraal meartalich ûnderwiis. Om de ûntwikkeling fan bern better folgje te kinnen, wurde de evaluaasje-ynstruminten ek ôfstimd op dizze trije talen.

Evaluaasjesysteem
Sûnt 2014 is de Provinsje Fryslân einferantwurdlik foar it Frysk binnen it taalûnderwiis. Mei finansjele stipe fan ‘e Provinsje is de ûntwikkeling fan it evaluaasjesysteem Frysk doe yn in streamfersnelling kommen.

De evaluaasjeynstruminten binne keppele oan ’e differinsjearre leardoelen foar taal, sa’t dy beskreaun steane yn it referinsjeramt Frysk (rrF).

Foar alle bern binne der doelen op maat formulearre by de taaldomeinen harkjen, lêzen, yn petear, sprekken, skriuwen. De differinsjearre leardoelen binne keppele oan it fernijde learstofoanbod Frysk.

Opbringstrjochte learomjouwing
No’t oanbod, lesdoelen per domein en evaluaasjeynstruminten digitaal oan elkoar keppele wurde, ûntstiet in opbringstrjochte learomjouwing dêr’t learkrêften en bern mei doel harren taalleartrajekt útsette en folgje kinne. Sa krije bern en learkrêften mear grip op ‘e yndividuele taalûntjouwing fan elk bern yn in meartalige kontekst.

Start met typen en druk op enter om te zoeken...