Wa binne wy?

Der is in konsortium opsetten mei in oantal organisaasjes dy´t harren belutsen fiele mei en ferantwurdlik binne foar it Frysk yn it ûnderwiis, nammentlik:

De projektlieders

Sigrid Kingma (NHL)
Grip op begripend lêzen

Sigrid is ûndersiker by it lektoraat Meertaligheid en Geletterdheid oan de NHL Stenden Hegeskoalle. Se is ferantwurdlik foar de ûntwikkeling, nivobepaling en ymplemintaasje fan de toetsen lêsbegryp Frysk. Yn it basisûnderwiis en it fuortset ûnderwiis wurde geregeld nije teksten mei mearkarfragen yn in pilot foarlein oan learlingen om de toets te falidearjen. By fragen oer it gebrûk fan de toetsen of it meidwaan oan in pilot kinne jo kontakt opnimme.

Reitze Jonkman (NHL)
Grip op wurdskat en grammatika (Frisia)

Dr. Reitze Jonkman is taalsosjolooch fan it Frysk by it lektoraat Frysk en Meartaligens oan de hegeskoallen NHL en Stenden yn Ljouwert. Hy is projektlieder foar it dielprojekt Frisiatoets (metoade-ûnôfhinklike toetsen)

Albert Walsweer (NHL)
Grip op mûnlinge taalfeardigens en skriuwfeardigens

Albert wurket sûnt 2000 bij de NHL Hegeskoalle en is dêr senior adviseur PU (ôfdieling ECNO) en senior ûndersiker bij het lektoraat Taalgebruik en Leren.
Hy is oplieder fan de taalkoördinatoaren yn Fryslân en hat binnen de NHL Hegeskoalle de lieding oer projekten yn it ramt fan Boppeslach (Provinsje Fryslân).

Gelske Bosch (Afûk)
Grip op metoadebûne toetsen & Grip op LVS

Bernadet de Jager (Cedin)
Kommunikaasje en ymplemintaasje

Bernadet de Jager is senior ûndersiker by Cedin, educatieve dienstverlening. Sy begeliedt skoalteams by “opbrengstgericht werken” en praktykrjochte ûndersyk.  Dêrnjonken fiert hja yn opdracht fan gemeenten, bestjoeren en provinsje ûndersyk út, bygelyks nei de ekstra wearde fan de 3TS-skoallen en nei de kwaliteit fan kultuerûnderwiis.

Start met typen en druk op enter om te zoeken...