GRIP op mûnlinge taalfeardigens en skriuwfeardigens

De observaasje-ynstruminten binne gaadlik foar alle skoallen yn Fryslân dy’t learlingen ûnderwiis biede op ûnderwerpen binnen de domeinen yn petear, prate en/of skriuwe.

De learkrêft observearret yndividuele learlingen (of in groepke by de groepspetearen) oan de hân fan observaasjepunten en notearret (digitaal of op papier) hoe’t de observearre learling skoart op dizze punten. Observaasje-ynstruminten foar de learkrêften binne der foar:

  • Basisûnderwiis, ûnderbou: fjouwer ynstruminten rjochte op de sjenres neifertelle, meidwaan oan in oerlis, meidwaan oan fantasyspel en útkommende belêzenheid.
  • Basisûnderwiis, middenbou en boppebou en ûnderbou fuortset ûnderwiis: alve ynstruminten rjochte op de sjenres oerlis, diskusje, ynterview, mûnlinge presintaasje, mûnlinge ynstruksje, boekbesprek, mûnling betooch, skriftlik ferslach, brief mei fersyk om ynformaasje, skriftlike ynstruksje, nijsberjocht en resinsje.

Selsevaluaasje-ynstruminten foar learlingen (fan groep 5 ôf): boekbesprek, mûnlinge ynstruksje, mûnlinge presintaasje, diskusje, ynterview, oerlis, brief/e-mail mei fersyk om ynformaasje, nijsberjocht, skriftlik ferslach, skriftlike ynstruksje, resinsje.

De selsevaluaasje-ynstruminten wurde troch de learlingen sels fuort nei ôfrin fan de útfiering fan in mûnlinge taak of by in troch harren sels skreaune tekst ynfolle. Beide ynstruminten kinne ûnderdiel wêze fan in (digitaal) taalportfolio.

Dit ynstrumint kin brûkt wurde om:

  • de ûntwikkeling fan de mûnlinge taalfeardigens fan learlingen te folgjen
  • de ûntwikkeling fan de skriftlike taalfeardigens fan learlingen te folgjen
  • in taalportfolio te meitsjen
  • feedback te jaan oan learlingen
  • as learkrêft mear ynsjoch te krijen yn de ûnderskate sjenres
  • de observaasjefeardichheid fan learkrêften te fergrutsjen
  • learlingen mear ynsjoch te jaan yn harren eigen learproses

Alle skoallen kinne sels de observaasje-ynstruminten selektearje dy’t oanslute by it ûnderwiisoanbod Frysk (mar fansels ek Hollânsk en Ingelsk) op de skoalle.

Wolle jo mear ynformaasje oer it ynstrumint? Nim dan kontakt op mei Maaike Pulles of sjoch op Interactie in de klas fan it Lektoraat Taalgebruik en Leren.

Wat wurdt der observearre?

Mei dit observaasje-ynstrumintarium kin de ûntwikkeling fan mûnlinge taalfeardigens en skriuwfeardigens fan learlingen yn it basisûnderwiis en ûnderbou fuorset ûnderwiis folge wurde. Learkrêften kinne harren learlingen folgje ûnderweis nei de ‘folsleine’ behearsking fan in sjenre, yn in meartalige situaasje dêr’t Frysk en Nederlânsk (mooglik ek Ingelsk) njonken elkoar brûkt wurde yn it ûnderwiis.

Oer hokfoar domen út it rrF giet it?

De observaasje-ynstruminten binne rjochte op ‘e domeinen yn petear, prate en skriuwe. Binnen dizze domeinen giet it om in rige fan sjenres.

Foar hokfoar groepen is it ynstrumint?

Basisûnderwiis, ûnderbou: fjouwer ynstruminten rjochte op ‘e sjenres: neifertelle, deelnimme oan in oerlis-learpetear, dielnimme oan fantasijspul en begjinnend letterjen.

Basisûnderwiis, middenbou en boppebou: Alve ynstruminten rjochte op ‘e sjenres: oerlis, diskusje, fraachpetear, mûnlinge presintaasje, mûnlinge ynstruksie, boekbesprekking, mûnlinge redenaasje, skriftlik ferslach, brief, skriftlike ynstruksje en resinsje.

Fuortset ûnderwiis, ûnderbou: Alve ynstruminten rjochte op ‘e sjenres: beslútfoarmjende diskusje, miening foarmjende diskusje, fraachpetear, ynformative presintaasje, mûninge redenaasje, brief, ferslach, ynstruksje, resinsje, kranteberjocht en skriftlike redenaasje.

Ôfname

De skoallen kinne sels kieze hokfoar observaasje-ynstruminten hja ynsette wolle en hoe faak. De learkrêft observearret yndividuele learlingen (of in groepke by de groepspetearen) oan de hân fan observaasjepunten en notearret (digitaal of op papier) hoe’t de observearre learling skoart op dizze punten.

Hoe kin ik de ynformaasje brûke foar myn ûnderwiis?

Dit ynstrumint kin brûkt wurde om:

  • de ûntwikkeling fan ‘e mûnlinge taalfeardigens fan learlingen te folgjen
  • de ûntwikkeling fan ‘e skriftlike taalfeardigens fan learlingen te folgen
  • in taalportfolio te meitsjen
  • feedback te jaan oan learlingen
  • as learkrêft mear sicht te krijen yn de ferskillende sjenres
  • de observaasjefeardigens fan learkrêften te fersterkjen
Gaadlik foar hokfoar skoallen?

De observaasje-ynstruminten binne gaadlik foar alle skoallen yn Fryslân dy’t learlingen ûnderwiis biede op ûnderwerpen binnen de domeinen yn petear, prate en/of skriuwe. Elke skoalle kin sels de observaasje-ynstruminten selektearje dy’t oanslute by it ûnderwiisoanbod Frysk op ‘e skoalle.

Start met typen en druk op enter om te zoeken...