Grip op metoadebûne toetsen

Metoadebûne toetsen binne evaluaasjes/observaasjes, op basis fan de útwurking fan it ERK, foar alle jierren fan it p.û. en de ûnderbou fan it f.û. De toetsen binne ûnderdiel fan de learlinen en materialen fan de metoade Frysk. It binne foar in grut part formative evaluaasjes dy’t geskikt binne foar opbringstrjochte wurkjen, wêrby’t útkomsten fan de evaluaasjes learlingen en dosinten stypje en stjoere yn harren lear- en ûnderwiisproses. Se jouwe in soad feedback oer it nivo en de fuortgong fan it learen.

Projektlieder: Gelske Bosch

Grip yn Spoar 8

Folgje de Fryske taalûntwikkeling fan alle learlingen en kies út in ferskaat oan metoadebûne evaluaasje-ynstruminten. Mei it Referinsjeramt Frysk (rrF) as útgongspunt bist wis fan in beredenearre taaloanbod.

Krij ynsjoch yn alles wat learlingen dogge ûnderweis.

Besjoch yn it resultate-oersjoch hoe’t learlingen wurkje oan opdrachten yn de Lêsline, de Lessesearjes en de Meunstertún. Krij ynsjoch yn it nivo fan de learlingen en besjoch by watfoar opdrachten learlingen bygelyks help nedich hawwe.

Brûk de suggestjes foar remediearjend materiaal by de Meunstertún

Resultaten fan de Meunstertún wurde útsplitst yn staverings- en grammatikaregels en wurdskat per tema. Blike learlingen ekstra help nedich te hawwen, dan jout Spoar 8 dy as learkrêft suggestjes foar remediearjend materiaal.

In referinsjeramt Frysk om oer it nivo yn Fryske taalbehearsking prate te kinnen

De saneamde ‘ik kin’-bewearingen yn it referinsjeramt Frysk (rrF) beskriuwe kennis, ynsjoch en feardichheden oangeande de Fryske taal. Dy beskriuwingen foar de mûnlinge en skriftlike taalbehearsking binne opdield yn fiif nivo’s, fan begjinner (A1) oant ekspert (C1).

Tsjek automatysk yn op it Referinsjeramt Frysk (rrF).

Utfierde Taalaktiviteiten yn groepen 1-2 en 3-4 en Tram- en Treinopdrachten yn de groepen 5 o/m 8 wurde yn Spoar 8 automatysk registrearre yn it Referinsjeramt Frysk (rrF). Sa hast altyd in aktueel oersjoch fan de taaldoelen dêr’tst oan wurke hast. En bist wis fan in beredenearre oanbod.

Fjouwer tuskentiidse evaluaasje-stasjons yn de Lêsline

Tuskentiidske evaluaasjes wurde dien mei ‘dit kin ik al (lêze)!’-opdrachten by de fjouwer Lêsline-stasjons. Brûk de metoadebûne toetsen fan Grip om in goed byld te krijen fan de lêsûntwikkeling fan alle yndividuele learlingen.

Selsevaluaasjes by Tram- en Treinopdrachten yn de Lessesearjes

Oan ’e hân fan ferskillende ‘ik kin’-bewearingen sjogge learlingen mei in selsevaluaasje werom op de makke Tram- of Treinopdracht. Sa krije learlingen mear eigenerskip oer it learen fan de Fryske taal. Selsevaluaasjes kinne dien wurde yn it Frysk of yn it Nederlânsk.

Start met typen en druk op enter om te zoeken...