GRIP op begripend lêzen

Foar skoallen dy’t in deeglik Frysk oanbod hawwe op it mêd fan Frysk lêzen, is er de toets Lêsbegyp. Dit is in digitaal ynstrumint foar de groepen 5 p.û. oant en mei klasse 3 fan it f.û. It ynstrumint kin klassikaal ynset wurde, mar biedt ek mooglikheden ta oefenjen en differinsjearjen (fan A2.1 oant en mei B1.2).

Eltse learling makket trije ferskillende teksten mei yn trochsnee 10 fragen per tekst. It meitsjen fan ien tekst kostet sa’n 15 minuten. De trije teksten kinne op ferskillende dagen yn it jier ôfnommen wurde (wêrfan de lêste tusken maaie en july). De antwurden wurde automatysk neisjoen, de learkrêft en de learling kinne fuortendaliks de toetsresultaten besjen.

De toets Lêsbegryp jout ynsicht yn de feardichheid begripend lêzen Frysk fan de learling keppele oan it Referinsjeramt Frysk. De resultaten fan de toetsen jouwe oan oft learlingen ferlet ha fan ekstra begelieding of oefenmateriaal om it lêzen fan Frysk teksten better yn de macht te krijen.

 

Wolle jo mear ynformaasje oer dizze toets? Nim dan kontakt op mei: Sigrid Kingma

Start met typen en druk op enter om te zoeken...