Foarûndersyk

De fraach dy’t sintraal stiet yn dizze literatuerstúdzje is hoe’t de metoadebûne evaluaasjeynstruminten it bêste foarmjûn wurde kinne. Wat binne de ûntwikkelingen op it mêd fan it evaluearjen fan taalûntwikkeling en wat betsjut dat foar it (fak) Frysk? De oare wichtige fraach is hoe’t it ôfnimmen fan de evaluaasjes, en de gegevens dy’t dat allegear opsmyt, it bêste byholden wurde kinne. Dat soe yn de foarm fan it evaluaasje- of taalûntwikkelingsfolchsysteem moatte, mar de fraach is ek hjir hoe’t dat it bêste kin. Wat is bekend oer en wat binne aktuele ûntwikkelingen op it mêd fan learlingfolchsystemen (LVS-en) en wat betsjut soks foar it evaluaasjesysteem foar it Frysk?

evaluaasjesysteemfrysk

Start met typen en druk op enter om te zoeken...