DOCH MEAR MEI GRIP

GRIP is it evaluaasjesysteem foar it Frysk. It digitale systeem bestiet út in searje metoadebûne evaluaasjes, metoade ûnôfhinklike evaluaasjes en in portfolio. Skoallen kieze sels hokfoar evaluaasje-ynstruminten it bêste passe by harren fisy en taaloanbod. Mear ynfo? Besjoch de fideo hjirûnder of lês fierder ûnder de fideo.

GRIP BRÛKE

Mei GRIP kinst de ûntwikkeling fan ’e learlingen folgje en evaluearje. Besjoch it stappeplan, hoe ‘st mei help fan it rrF, ambysjes formulearrest dy ’t passe by de fisy of it taalprofyl en hoe ‘st dêrby de meast gaadlike evaluaasje-ynstruminten kiest.

Dêrom GRIP

It is wichtich dat Frysk oanbean wurdt yn it kurrikulum. Frysk is de taal fan Fryslân en hat net allinnich kulturele, mar ek sosjale wearde. Frysk is in minderheidstaal en it regear fan Nederlân hat yn it “Hânfêst foar Europeeske minderheidstalen” ûnderskreaun dat it syn bêst dwaan sil om it Frysk te beskermjen en te behâlden. Dêrom is Frysk in ûnderdiel fan it lesprogram op skoallen yn Fryslân.

 

Ûnderwiistiid is kostber. Wat learkrêften en dosinten oanbiede moat sin en doel ha. Dêrneist moatte lesaktiviteiten en lesmaterialen motivearjend en útdaagjend wêze, sadat learlingen mei nocht en wille leare. Aktive, belutsen learlingen leare better en mear.

 

De situaasje oangeande it Frysk ferskilt fan skoalle ta skoalle. De iene skoalle hat meast Frysktalige learlingen, wylst op in oare it Nederlânsk oerhearsket. Ek binne der skoallen dy’t oarstalige learlingen opheine en har ôffreegje hokfoar ambysjes oangeande it Frysk hjá neistribje kinne en moatte. Skoallen kinne hjirtroch ferskillende doelen neistribje en it kurrikulum Frysk ek ferskillend ynfolje.

 

Unôfhinklik fan it feit oft in skoalle no mear of minder ambisjeus is op it mêd fan Frysk, it ôfstimmen fan it oanbod op dy ambysjes en it evaluearjen fan ‘e ûntwikkeling fan learlingen is op elk nivo fan tapassing. Om beoardielje te kinnen oft de lessen opsmiten hawwe wat by de doelen fan ‘e skoalle past, kinne ien of mear ynstruminten fan GRIP brûkt wurde. Bygelyks troch bern te observearjen, troch toetsen ôf te nimmen of troch learlingen in portfolio byhâlde te litten.

Wy ynvestearje mei Taalplan Frysk yn de kwaliteit fan Frysk ûnderwiis op alle skoallen en alle ûnderwiisnivo’s. Taalplan Frysk 2030 is in gearwurking fan Afûk, Cedin, Fers, Keunstwurk, NHL Stenden, Omrop Fryslân, Semko, SFBO en de provinsje Fryslân. Frysk, foar no en letter – www.taalplan.frl